Bedoarne hannel
Leverbaar
In jong famke ferdwynt spoarleas. It blykt de dochter fan de eksfrou fan priveedetektive Jan te wêzen. Tegearre mei syn maat, resjersjeur Libbe de Boer, dûkt Jan yn de saak en se komme telâne yn in gefaarlike, skimige wrâld fol mei tsjustere figueren dy't geweld net út de wei geane. Sil it harren slagje om Aukje werom te finen?Bedoarne hannel is in Fryske thriller en it fjirde boek fan Ferdinand de Jong. Earder ferskynden Guozzeflecht, It dak fan de wrâld en De lêste truk. Foar It dak fan de wrâld krige er yn 2012 de Rink van der Velde-priis.
Ingenaaid | 204 pagina's
1e druk | Verschenen in 2014
Rubriek: